Fjoerwurkkampanje set út ein

By fjoerwurk hearre dúdlike regels
Boargemaster De Jonge fan It Fean jout tiisdei it startsein foar de Fryske fjoerwurkkampanje fan dit jier. Hy docht dat op in basisskoalle op It Hearrenfean. De kampanje is bedoeld om dúdlik te meitsjen wat foar risiko's en regels by fjoerwurk hearre.
De kampanje wurdt organisearre troch it buro Halt en de plysje. Halt is ek ferantwurdlik foar it straffen fan jongeren dy't yn de fout gean mei fjoerwurk.