Drankdrugstest yn disko

18 nov 2007 - 16:13

Ferkearsorganisaasje Responsible Young Drivers hat sneon in drankdrugstest dien by in grutte diskoteek yn Ljouwert. 115 Besikers wiene ree om foardat se de disko yngiene, de ôfspraak te meitsjen dat se gjin alkohol en drugs nimme soene. Acht op 'e tsien hâlden wurd, sa die bliken út tests nei ôfrin.

De test yn Ljouwert wie de fjirde yn in rige fan fiif. It Regionaal Orgaan Ferkearsfeiligens die ek mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)