Snits ferliest fan Achilles'29
Sneinshaadklasser Snits spile op it eigen sportpark tsjin de nûmer twa fan 'e ranglist Achilles '29. De 'brilstân' (0-0) stie lang op it boerd, mar yn de 88e menút makke de ploech út Groesbeek de 1-0. Yn blessueretiid waard it ek noch 2-0 foar Achilles '29.
Snits hat no trettjin punten út alve wedstriden.