Kollumer wer freedskrante

18 nov 2007 - 15:54

De Kollumer Krante komt dochs wer op freed út. Dat is al 125 jier it gefal mar de ôfrûne moannen waard it nijsblêd op tongersdei brocht. Dat hie mei de organisaasje fan it bedriuw en de reklame-ynkomsten te krijen.

De abonnees wiene der net bliid mei. Guonts woene de krante sels opsizze. Om mear opskuor foar te kommen waard besletten de saak wer lykas foarhinne te meitsjen. Fan nije wike is alles wer by it âlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)