Jonge rûchriders pakt

© Omrop Fryslân
De plysje Dokkum hat it ôfrûne wykein fan twa jonges it rydbewiis ôfnaam. In oarenien krige in warskôging. De jeugd wurdt ekstra yn 'e gaten hâlden fanwege klachten oer rûge autoriderij.
Twa hurdriders fan 19 en 20 jier út Boarnwert en Ferwert rekken it rydbewiis kwyt. In jonge (18) út Damwâld krige in warskôging. Hy ried mei brullende motor troch it doarp. Op dat stuit wiene fanwege de yntocht fan Sinteklaas in soad bern bûtendoar.