Prinsessehôf: rekord besikers

18 nov 2007 - 13:55

Keramykmuseum Prinsessehôf yn Ljouwert hellet dit jier in rekordtal fan 30.000 besikers. It museum is dit jier opnij iepene nei in ferbouwing. It is aardich wat grutter wurde: der is 1500 fjouwerkante meter bykaam.

Wat ek meispilet is dat der in nije nije parkeargaraazje ûnder it Aldehoustertsjerkhôf kaam is en dat it sintrum opknapt is. Dat wurket ek mei oan it fergrutsjen fan 'e populariteit fan it museum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)