Sven Kramer pakt rekord werom

17 nov 2007 - 23:54

Sven Kramer hat syn wrâldrekord op de 5 kilometer werompakt. By de wrâldbekerwedstriden yn Calgary ried de ynwenner fan It Hearrenfean 6.03,32. De Italjaan Enrico Fabris, dy't in wike lyn it rekord fan Kramer ôfpakte - Fabris ried doe 6.07,40 - kaam ek ta in bettere tiid: 6.06,42.

Kramer begûn syn rit as in fjoerpylk dy't ôfsketten waard. Allinne de lêste fjouwer rûntsjes die er der langer oer as 29 sekonden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)