De Vries en Sterk boppe-oan

17 nov 2007 - 22:34

Ingmar Berga fan Hoogeveen hat sneontejûn de sânde maraton om de KNSB Cup wûn. Op it keunstiis fan Hoorn wie er de rapste yn 'e einsprint. Bob de Vries fan De Haule waard twadde en bliuwt lieder fan it klassemint. Syn ploechmaat Arjan Stroetinga fan Aldeberkeap waard fyfde.

By de froulju gong de winst nei Daniëlle Bekkering, foar de Friezinnen Elma de Vries en Maria Sterk. Dy lêste bliuwt klassemintsliedster.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)