Drokke iepen dei by plysje

17 nov 2007 - 16:13

Hûnderten minsken ha sneon op de iepen dei west fan de nije plysje-akademy yn Drachten. It publyk koe sjen hoe't oankommende plysjes dêr les krije. Sa wie der in sjitoefening mei laser- pistoalen te folgjen, en wie te sjen hoe't in arrestaasje yn syn wurk giet.

Der waarden ek ferskate films fertoand en de belangstellenden koene it gebou besjen. De plysje-akademy is tongersdei offisjeel iepene. Der sitte sa'n 350 learlingen op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)