Studinten helpe eksposysje

17 nov 2007 - 16:01

Studinten fan 'e NHL wurkje mei oan in eksposysje oer Ljouwert. It giet om learlingen Kommunikaasje en Multimedia Design. Se meitsje in 3-diminsjonale animaasje fan de Grutte Tsjerke en it gebiet om De Brol hinne.

De eksposysje is fan 1 desimber ôf te sjen yn Histoarysk Sintrum Ljouwert. Hy giet oer it ûntstean fan 'e stêd en de ûntwikkeling oant no ta. Fyftich studinten en trije dosinten hawwe in jier oan de opdracht wurke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)