Doarps-EHBO kin libbens rêde

17 nov 2007 - 15:41

Elk doarp soe in defibrillator ha moatte. By in hertoanfal moat eins binnen 6 minuten yngrypt wurde foar in goeie oerlibbingskâns. Ambulânses binne nei in grut tal plakken langer as 15 minuten ûnderweis. Dêrom soene frijwilligers de earste help biede moatte.

De steatefraksjes fan it CDA, PvdA en de Christen Unie ha dêr in moasje foar yntsjinne, dy't troch alle steateleden daliks oannaam is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)