Man falt fan ljedder
Yn Arum is freed in man fan in ljedder ôfglide en 4 meter nei ûnderen fallen. It ûngelok barde op de Camminghawei. De 36-jierrige meiwurker fan in skjinmakbedriuw út Boalsert wie dêr oan it rúthimmeljen.
De man rekke ferwûne oan syn earm. Hy is oerbrocht nei it sikehûs yn Snits.