Auto te wetter yn Harich

© Omrop Fryslân
Helptsjinsten wiene sneon massaal optrommele om de ynsittenden fan in auto te wetter te rêden. Oan 'e Keamerlânswei yn Harich wie in bestjoerster mei twa bern yn 'e auto yn it wetter bedarre. De frou en de bern koene der sels wer út komme.
Dûkers fan 'e brânwacht hoegden net yn aksje te kommen. Ambulânses wiene ek oanwêzich op it plak fan it ûngelok. It is noch net bekend hoe slim de ferwûnings binne.