Dominospektakel mislearre

Dominospektakel: it wrâldrekord is freedtejûn net helle
It wrâldrekord fallende dominohoutjes yn it WTC/Expo yn Ljouwert is freedtejûn net helle. Der binne 3,6 miljoen blokjes omgien, wylst der 4,5 miljoen delset wiene. It besteande wrâldrekord is fjouwer miljoen dominohoutsjes.
De teloarstelling ûnder de bouwers wie grut. It dominospektakel waard live útstjoerd op televyzjestjoeders SBS6. Sjongeres Katie Melua wie yn Ljouwert om it earste houtsje om te triuwen.