Wer ferlies foar Cambuur

René van der Weij rêde de eare foar Cambuur
Cambuur hat freedtejûn wer ferlern. Op eigen fjild gienen de Ljouwerters mei 3-1 ûnderút tsjin de nûmer 19 fan de Jupiler Leaque Haarlem.Haarlem kaam op in 2-0 foarsprong. René van der Weij makke yn de 80e minút de oanslutingstreffer.
Cambuur socht om de lykmakker, mar Haarlem countere yn de 89e minút nei de 3-1 oerwinning. It is al de sechde wedstriid op rige dat Cambuur net ta winst kaam.