Boekje oer jeugdsoarch oanbean

16 nov 2007 - 14:54

De Amsterdamse advokaat en presintator fan PREMtime Prem Radhakishun lange freed it earste eksimplaar fan it boekje 'Zorg voor onze jeugd' oer oan deputearre Tineke Schokker. Dat barde yn poppoadium Romein yn Ljouwert.

Dêrmei waard it offisjele startsein jûn fan de Fryske Wike fan de Jeugdsoarch. Dy duorret oant nije wike sneon. Yn it boekje stean 15 ferhalen fan kliïnten en helpferlieners út de Fryske jeugdsoarch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)