Zuiverloon en Beerens yn basis

16 nov 2007 - 12:34
  • Roy Beerens stiet yn 'e basis fan Jong Oranje

De Hearrenfean-spilers Gianni Zuiverloon en Roy Beerens begjinne freed yn it EK-kwalifikaasjeduel fan Jong Oranje mei Masedonië yn de basis. Bûnskoach Foppe de Haan hat yn Nijmegen net de beskikking oer Henrico Drost en Geert Arend Roorda. De Hearrenfean-spilers hawwe har beide ôfmeld troch blessueres.

Calvin Jong-A-Pin begjint op 'e bank. De Haan kiest op de linksback-posysje foar Erik Pieters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)