Boersma tekenet by Veendam
Age Hains Boersma (25) tekenet in trijejierrich kontrakt by de earste divyzje club Veendam. De spits is noch eigendom fan sc Hearrenfean mar spile al sûnt de simmer op hierbasis yn Veendam.
Boersma skoarde oant no ta twa kear foar Veendam. Noch net in hiel soad. Mar de Grinslanner klub hat genôch fertrouwen yn 'e spits om him foar langere tiid in kontrakt oan te bieden.