Swimbad Wommels kin bliuwe

It swimbad liket rêden
It swimbad yn Wommels kin sa goed as wis bestean bliuwe. It kolleezje fan B&W fan de gemeente Littenserardiel hat besletten it swimbad foar de oankommende fiif jier jild te jaan.
It swimbad krijt elk jier hûnderttûzen euro en dat is genôch om fierder te gean. It moat allinnich noch wol goedkard wurde troch de ried. De ôfrûne jierren is it besikersoantal flink sakke. Sneon is der noch in benefytkonsert yn It Reade Hynder.