Sleat leaver by Skarsterlân

16 nov 2007 - 12:13

As yn de Súdwesthoeke weryndield wurdt dan wol de stêd Sleat net yn in grutte fúzjegemeente dêr opgean. Sleat wol dan oanslute by Skarsterlân. Dat is dúdlik wurden op in byienkomst fan pleatslik belang tongersdei.

Doe't de diskusje oer weryndieling wer oplôge earder dit jier, wiene der yn Sleat al lûden oer it oergean nei Skarsterlân. Pleatslike Belang hat de ôfrûne tiid útsocht oft dat ek echt it bêste wêze soe foar de stêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)