Alves yn Europeesk alvetal

Alves selektearre as Europeeske stjer
Hearrenfeanspits Afonso Alves sit yn it Europeeske stjerre-alvetal. Dêr sitte de alve bêste spilers yn dy't troch Europeeske sjoernalisten selektearre wurde. Alves hat de ferkiezing benammen te tankjen oan syn sân goals tsjin Heracles. Neist Alves binne spilers lyk as Fabregas, Messi en Ferdinand opnaam.
Oft Alves nei de winterstop noch by Hearrenfean fuotballet is noch hieltyd net wis.