Meiprate oer nije kommissaris

It folk mei meiprate oer de opfolging fan Kommissaris Nijpels
Ynwenners fan Fryslân kinne de kommende wiken meiprate oer de nije Kommissaris fan ús provinsje. Provinsjale Steaten hawwe dêrfoar in enkête op de provinsjale webside útskreaun.
Ynwenners, ynstellings en bedriuwen kinne oant 28 novimber har easken en ferwachtings dêrop oanjaan. De reaksjes sille meinommen wurde yn de definitive profylskets foar de nije Kommissaris fan Fryslân.