Drachtster (82) ferûngelokke

© Omrop Fryslân
In 82-jierrige man út Drachten is tongersdei ferstoarn neidat er swier ferwûne rekke wie by in oanriding yn Drachtsterkompenije. De man waard op de Folgersterloane op syn fyts oanriden troch de bestjoerder fan in trekker. Dy hie de man oer de holle sjoen.
De man foel mei de holle op de dyk. Hy is nei it sikehûs yn Grins brocht, dêr't er letter op de jûn ferstoar.