Kollum krijt boekebeam werom
It gemeentehûs fan Kollumerlân krijt syn reade boekebeam werom. Mear as hûndert jier lang stie der in boek foar it gemeentehûs. Dy waard lykwols skansearre by de ferbou fan it gemeentehûs.
De beam wurdt no ferfongen troch in eksimplaar fan tsien jier âld mei in lingte fan fjouwer meter. De boek wurdt moandeitemoarn plante.