Nij sosjaal plan foar Cordis

16 nov 2007 - 09:56
  • Cordis giet yn 'e rin fan 2008 ticht

Der komt in nij sosjaal plan foar de wurknimmers fan it bedriuw Cordis yn Roden. Dat is de útkomst fan in petear tusken de direksje fan Cordis en de fakbûnen. Cordis giet takom jier ticht, wêrtroch 700 minsken har wurk ferlieze.

De fakbûnen wiene min te sprekken oer it hjoeddeiske sosjaal plan. Sy binne fan betinken dat de meiwurkers rjocht hawwe op in bettere regeling. Dêroer wurdt no wer ûnderhannele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)