Doarpsstatus Skâns 6000 euro

16 nov 2007 - 09:51
  • De Skâns: no noch in buorskip, mar meikoarten in doarp

Dongeradiel tinkt sa'n 6.000 euro kwyt te wêzen oan de oanpassings dy't dien wurde moatte as De Skâns (ek wol bekend as Eastmahorn) in doarp wurdt. It bedrach moat ûnder oare útjûn wurde oan nije buorden en adreswizigings. Ek krijt De Skâns in eigen doarpswapen en -flagge.

It beslút om fan De Skâns in doarp te meitsjen is noch net offisjeel naam, de gemeenteried bûcht him dêr op 22 novimber oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)