Gjin ekstra jild Koornbeurs

Teater De Koornbeurs komt jild tekoart
De Koornbeurs yn Frjentsjer krijt foarearst gjin ekstra jild fan de gemeente Frjentsjerteradiel. It teater hie om 60.000 euro frege, fanwege in finansjeel tekoart. De gemeenterie wol it jild lykwols noch net jaan, omdat it teater earst mear dúdlikens jaan moat oer syn takomst.
De gemeenterie hat earder frege om plannen foar legere kosten en mear romte foar amateurkeunst. Dy plannen binne der noch net.