Koarleden Our Choise misse jas
Tsien leden fan sjonggroep Our Choice út Wolvegea misse sûnt woansdeitejûn har jas. De jassen waarden stellen ûnder in repetysje fan it koar yn gebou De Mirte. Ek sjaals en mutsen waarden meinaam.
De koarleden hawwe oanjefte dien by de plysje. De dief hat benammen de jassen meinaam dy't der djoer útsjogge.