Fuortset ûnderwiis in dei plat

In soad leararen lizze nei ferwachting it wurk del
It fuortset ûnderwiis leit op 29 novimber hielendal plat yn Fryslân want de leararen sille stake. De ûnderwiisbûnen roppe dy wike op ta in lanlike estafettestaking. De bûnen ferwachtsje dat in soad leararen meidwaan wolle.
De CAO-ûnderhannelings binne fêstrûn binne op leaneasken en easken oer in legere wurkdruk. De aksjes yn it noarden wurde ôfsletten mei in manifestaasje yn Grins.