Skoallen krije anty-pestposter

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân stipet in aksje om anty-pest posters yn it Frysk nei mear as 500 basisskoallen yn Fryslân ta te stjoeren. De skoallen krije dizze posters fergees, omdat de Stichting Kinderpostzegels Nederland en de provinsje Fryslân dêr subsydzje foar jûn ha.
Alle skoallen krije fjouwer anty-pest posters tastjoerd. De provinsje stipet de aksje omdat de posters narjen foarkomme kinne.