Dit jier beslút Suderseespoar

15 nov 2007 - 17:12

Der falt foar 30 desimber in beslút oer it Suderseespoar. Dat hat minister Eurlings tongersdei yn de Twadde Keamer sein. Eurlings moast dêr yn in spoeddebat útlis jaan oer it útbliuwen fan in beslút oer de rappe ferbining.

It spoeddebat wie oanfrege troch de VVD, nei oanlieding fan in brief fan de minister oan de Twadde Keamer. Dêr melde Eurlings woansdei yn dat der noch hieltyd gjin beslút naam is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)