Plysje-akademy offisjeel iepen

15 nov 2007 - 16:58

Yn Drachten is tongersdei de nije plysjeskoalle offisjeel iepene. De skoalle hat sa'n 350 studinten, dy't al sûnt augustus les krije. It is de ferwachting dat dat der yn de takomst flink mear wurde.

De ynwenners fan Drachten ha fernimme kinnen dat de plysje-akademy iepen is, omdat de studinten geregeld mei plysje-lesauto's oefenje moatte. Dat gebeurt op de iepenbiere dyk, kompleet mei swaailjocht en sirene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)