Swiere selstraffen Antillianen

15 nov 2007 - 14:39

Trije Ljouwerter Antillianen hawwe selstraffen krigen fan 12, 9 en 5 jier foar har belutsenheid by in sjitpartij. Dy wie heal maaie by in tankstasjon by de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert.

De haadfertochte hat fjouwer jier mear krigen as de eask. Syn advokaat giet dêr tsjin yn berop. De rjochter rekkent de fertochten slim oan dat de sjitpartij midden yn de drokke jûnsspits wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)