Nije hûzen foar Ferwâlde

© Omrop Fryslân
Nei tsien jier wachtsjen kin der lang om let boud wurde yn Ferwâlde. Tongersdei is de earste peal slein foar de bou fan 12 nije hûzen. It plannen fan de nijbou hat lang duorre, omdat it oerlis mei de grûneigner in soad tiid nommen hat.
Fierder wienen der beswieren fan omwenjenden fan de nije hûzen. Tagelyk mei de bou fan de hûzen wurdt ek in nij sportfjild oanlein.