Opsterlân spilet Ronja
Iepenloftspul Opsterlân spilet takom simmer it stik Ronja de rôversdochter. Dat gebeurt yn de bosken fan De Himrik. Regisseur is Rieneke de Haan, dy't al jierrenlang it berneiepenloftspul yn Easterwierrum regisearret.
De foarstelling is basearre op it boek fan Astrid Lindgren en wurdt spile yn de Fryske oersetting dy't Tryater jierren lyn ek spile hat.