Koolhof set Brack op de bank

15 nov 2007 - 13:04
  • Oanfierder Koen Brack sit freed op de bank

Cambuur-oanfierder Koen Brack docht freed net mei tsjin Haarlim. Hy is troch trener Koolhof op de bank set fanwege de minne resultaten fan 'e lêste wiken. It komt net faak foar dat in oanfierder op de bank set wurdt en sadwaande kinne je de maatregel opmerklik neame. Erik Wegh en Chris de Wagt steane ek net yn de basis.

Yn harren plak spylje ferdigener Benny van Noord en middenfjilder Brandon Bonifacio. Hy makket freed syn debút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)