Ljouwerter yn auto oerfallen

15 nov 2007 - 12:21

In Ljouwerter fan 27 is woansdeitejûn yn syn wenplak berôve ûnder bedriging fan in fjoerwapen. De man waard yn syn auto oerfallen troch twa manlju. Ien fan harren luts it portier iepen en rjochte in fjoerwapen op de Ljouwerter. Hy krige ek noch in klap yn it gesicht.

De twa fertochten easken jild. Neidat it slachtoffer de beurs jûn hie naaiden de manlju út. De plysje hat nei se socht, mar koe se net fine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)