Fergoeding ATF-direkteuren

15 nov 2007 - 11:46

De twa eardere direkteuren fan ôffalferwurker ATF yn Drachten krije in heal miljoen skeafergoeding fan de Nederlânske Steat. De twa waarden troch it iepenbier ministearje jierrenlang ferantwurdlik hâlden foar de brân by ATF yn maaie 2000.

Begjin maart fan dit jier waarden se lykwols frijsprutsen nei juridyske proseduere dy't meiïnoar 7 jier duorre. It measte jild is ornearre foar de juridyske bijstân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)