Blessuere Roorda falt ta

15 nov 2007 - 11:09

De knibbelblessuere dy't middenfjilder Geert Arend Roorda fan sc Hearrenfean oprûn yn 'e wedstryd tsjin Vitesse, liket ta te fallen. Op de MRI-scan, dy't fan de knibbel makke is, is te sjen dat de meniskus net skansearre is. Roorda begjint takom moandei wer mei de fjildtraining.

Oft Roorda al wer ynsetber is yn 'e earst kommende wedstryd tsjin De Graafschap op 24 novimber is op dit stuit noch net te sizzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)