Tydlik doarpshûs Rinsumageast

© Omrop Fryslân
Yn Rinsumageast is woansdei begûn mei de bou fan in tydlik doarpshûs. Op it terrein fan it ôfbaarnde doarpshûs De Beijer binne de earste tydlike units delset. Doel is dat it ûnderkommen yn de rin fan nije wike brûkt wurde kin.
It tydlike ûnderkommen is dan op tiid klear foar de yntocht fan Sinteklaas op 24 novimber. It besteande doarpshûs fan Rinsumageast baarnde begjin oktober ôf.