Debat Suderseespoar giet troch

14 nov 2007 - 19:46

It spoeddebat oer it Suderseespoar giet tongersdei troch. It debat waard oanfrege troch de VVD. Dy partij fynt dat it beslút oer it Suderseespoar fiersten te lang op him wachtsje lit.

Minister Eurlings fan Ferkear en Wettersteat moat de Twadde Keamer no útlizze wêrom it sa lang duorret. Eurlings hat de Twadde Keamer woansdei yn in brief witte litten dat it kabinet noch gjin beslút naam hat oer it Suderseespoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)