'Fryslân House' yn Fiëtnam

Ate van der Meer: grutte plannen yn Antwerpen, Hamburch en Fiëtnam
Fryske ûndernimmers begjinne yn de Fiëtnameeske haadstêd Ho Chi Minh City in saneamd Fryslân House. Fierder hawwe de bedriuwen ek plannen foar soartgelikense ambassades foar it Fryske bedriuwslibben yn Antwerpen en Hamburch. Direkteur Ate van der Meer fan SnakeWare hat dit woansdei bekend makke.
SnakeWare iepene earder yn 'e mande mei oare Fryske IT-bedriuwen in Fryslân House yn Amsterdam en Riga.