Plakken foarrondes Liet bekend

14 nov 2007 - 14:27

It Fryske sjongfestival Liet 2008 hâldt yn de earste helte fan desimber fiif foarrondes yn Easterwâlde, Heech, Kollum, Ljouwert en Sint Jabik. Op elke foarronde wurde de trije bêste dielnimmers nominearre foar in plakje yn de finale op 17 maaie 2008.

De nije opset betsjut dat elts dy't him of har opjout ek optrede kin. In sjuery ûnder foarsitterskip fan trûbadoer Fokke Miedema wiist de trije nominaasjes oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)