Elano: 'Eriksson wol Alves'

Elano: de kâns is grut dat Alves nei Manchester City giet
Middenfjilder Elano fan Brazilië hat tiisdei sein dat trener Eriksson fan Manchester City 'tige ynteressearre' is yn spits Afonso Alves fan sc Hearrenfean. Elano die dy útspraak op treningskompleks Granja Comary fan it Braziliaanske fuotbalbûn.
Elano hâldt der dan ek earnstich rekken mei dat Alves yn jannewaris 2008 foar Manchester City fuotballet. "Dy kâns is der seker", sei Elano tsjin tv-stasjon Spor-tv.