'Ferlotting reis kin net'

14 nov 2007 - 11:15

Studinte-organisaasje ISO fynt it bespotlik dat kristlike hegeskoalle CHN prizen ferlottet ûnder studinten dy't har oanmelde foar stúdzjes fan de skoalle. Studinten meitsje bygelyks kâns op in reis nei Súd-Afrika.

It ISO fynt dat studinten kieze moatte foar de kwaliteit fan in skoalle en net omdat se in priis krije kinne. De organisaasje fynt it boppedat ûnearlike konkurrinsje. It ISO wol dat de HBO-ried de skoalle oanpakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)