Jild foar skuldhelpferliening

Van der Zaag is foarsitter fan it Provinsjale Earmoedefûns
De provinsje besteget goed ien miljoen euro út in nij earmoedefûns benammen oan skuldhelpferliening. It jild wurdt brûkt om minsken mei skulden te helpen of foar te kommen dat minsken yn dy problemen komme. Sa komt der in fûns om jongerein mei skulden of tekoarten te helpen.
Saneamde yntervinsjeteams fan de GGD Fryslân krije ek ekstra jild. Ek de kredytbank GKB krijt jild foar it foarkommen fan skulden en neisoarch.