Gjin âldjiersfeest yn Ljouwert

13 nov 2007 - 22:56

It Ljouwerter âldjierspektakel by de Aldehou giet net troch. Dat hat de gemeente Ljouwert besletten nei oerlis mei de plysje. Dy hat mei âld en nij net genôch personiel om saken goed te organisearen en yn te stean foar de feiligens fan de tûzenen besikers.

By de Aldehou soe in grut feest organiseard wurde mei om tolve oere in grut fjoerwurkspektakel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)