Oplichter wurdt net oanpakt

De oplichter (hjir mei prúk op) wurdt net ferfolge
In man (32) út Apeldoorn wurdt net ferfolge foar it oplichten fan anoreksiapasjinte Saskia van Ruiten út Ljouwert. De frou is slim siik en is yn Nederlân útbehannele.
De man melde yn it tv-programma Pauw en Witteman dat er miljonêr wie en in djoere behanneling foar de frou yn Sweden wol betelje woe. Letter waard dúdlik dat de man gjin miljonêr, mar in oplichter wie. Justysje seit dat it ûnmooglik is de man te ferfolgjen.