N31 by Harns ûnder de grûn

© Omrop Fryslân
De kâns bestiet dat de N31 by Harns ûndertunnele wurdt. De dyk ferdwynt dan in ein yn de grûn. Betingst is dat it Suderseespoar oergiet. Dan komt der kompensaasjejild nei it Noarden. En dêrmei soe de oanpak fan de N31 betelle wurde moatte. Dat hat de provinsje de gemeente Harns witte litten.
Boargemaster Scheffer is bliid mei de tasizzing. De ûndertunneling kostet tusken de 150 en de 300 miljoen euro.