Undersyk nei boeren Burgum

© Omrop Fryslân
Learlingen fan it Singelland kolleezje yn Burgum sille ûndersykje wat boeren yn har omjouwing bijdrage oan de maatskippij. De skoalle docht dat yn opdracht fan de Agrarische Jongeren Friesland.
De learlingen gean by boeren, in mechanisaasjebedriuw en de gemeente del. Dêrnei meitsje se in enkête, dy't de oare learlingen ynfulle kinne. Sa moat útfûn wurde wat foar funksje de boeren om Burgum hinne ha.